Fryslân wol stillere wegen

21 maaie 2013 - 19:27

Fryslân wol stillere wegen yn de provinsje. It giet dan om wegen dêr't jierliks mear as trije miljoen auto's ride en dêr't it lûd heger is as 65 desibel. De provinsje hat in aksjeplan mei in bedrach fan rom trije miljoen euro opsteld. It giet dan om it oanbringen fan stil asfalt en it isolearjen fan wenningen. It stil asfalt sil oanbrocht wurde tusken Twizel en Bûtenpost, tusken Twizel en Droegeham, Snits en Reduzum en Snits en De Hommerts.

By de oanlis fan de Sintrale As tusken Dokkum en de Wâldwei, it noardwest tangent en de heak om Ljouwert wurde noch ris 115 knipepunten oanpakt dy't mei lûdsoerlêst te krijen ha. Alle maatregels moatte yn fiif jier tiid útfierd wêze.

Trefwurden: 
desibel wegen stil asfalt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)