Nije maraton om de Snitsermar

21 maaie 2013 - 16:45

Goed nijs foar fanatike hurddravers: Fryslân is wer in nije maraton riker: de Mar-athon rond Sneek en Meer. De rûte rint om Snits en de Snitsermar hinne en wurdt jûns hâlden. Oerdei is der in kuiertocht lâns de rûte. De nije maraton is in inisjatyf fan fjouwer Fryske hurdrinners, wêrûnder Syb van der Ploeg.

De manlju hoopje net allinnich Fryske toprinners, mar ek nasjonale en ynternasjonale toppers nei Fryslân te heljen om dizze nije maraton te draven. De maraton stiet foar it earst pland op 21 juny 2014, de langste dei fan it jier.

Ynskriuwe kin op 21 desimber, de koartste dei fan it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)