Drankrider rydt fytser oan

21 maaie 2013 - 12:26

De plysje hat moandeitemiddei yn Balk in 22-jierrige man út dat plak oanhâlden foar it riden mei drank op. De man hie op de krusing Herman Gorterstrjitte en de Erasmusstrjitte gjin foarrang jûn oan in 34-jierrige fytser út Hoorn.

Troch de oanriding kaam de fytser te fallen en moast mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht wurde. De plysje rûkte in dranklucht en op it buro makke in blaastest dúdlik dat de man tefolle dronken hie. Hy hat dêr in proses-ferbaal foar krigen.

Trefwurden: 
fytser drankrider Balk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)