Dokkum toch net platbaarnd

21 maaie 2013 - 12:06

Yn de 16e ieu is de Dokkummer binnenstêd net hielendal platbaarnd. Dat waard oant no ta altyd tocht, mar út ûndersyk nei âlde Dokkumer gebouwen docht oars bliken. Yn 1572 foel Caspar de Robles Dokkum binnen en stuts mei syn Waalske hierlingen in grut part fan de stêd yn de brân.

De Dokkumer stichting Historia Doccumensis naam yn jannewaris monsters fan de âlde balken fan tweintich Dokkumer gebouwen. Dêrút die bliken dat njoggen gebouwen fan foar 1572 binne. It bewiis dat net hiel Dokkum platbaarnd is.

It ûndersyk is ûnderdiel fan in boek oer boustilen en bouskiednis fan Dokkum. It boek wurdt skreaun troch de Dokkummer arsjitekt Siebe van Seijen en ferskynt ein 2013.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)