Rol medisinen moardsaak Murkje

21 maaie 2013 - 10:53

De man dy't Murkje de Vries yn 2008 ombrocht, hat in allergyske reaksje hân op antydepressiva. Dat is de konklúzje fan it forensysk ynstitút yn Maastricht. Dy hat yn opdracht fan it Gerjochtshôf yn Ljouwert opdroege bloed op de klean fan de fertochte ûndersocht.

De ynwenner fan De Harkema wie ûnder ynfloed fan antydepressiva doe't er Murkje de Vries yn 2008 deaskeat. Earder ûndersyk wiisde al út dat de fertochte dat nea dien hie as er gjin medisinen hân hie.

No docht bliken dat der in bepaalde stof yn it antydepressivum siet dêr't er net oer kin. By sa'n allergyske reaksje bedarret de brûker yn in soartefan psygoaze en kin er gewelddiedich wurde nei himsels en oaren. Neffens de advokaat fan de fertochte hat dit ûndersyk grutte gefolgen foar de útkomst fan de saak. Begjin juny is der in pro-forma sitting by it Gerjochtshôf, de ynhâldlike behanneling folget letter. De advokaat bliuwt pleitsjen foar frijspraak.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)