Hast 400 bekeurings op ien dei

21 maaie 2013 - 10:41

By snelheidskontrôles yn de provinsje hat de plysje pinkstermoandei hast 400 bekeuringen útdield. Santjin bestjoerders binne fuortdaalk oanhâlden neidat mei in lasergun de snelheid mjitten wie.

Acht dielnimmers oan de motoralvestêdetocht rekken it rydbewiis kwyt omdat se te hurd rieden. Ien fan har ried mear as 100 kilometer te hurd. Neist de 400 snelheidsboetes waarden der ek bekeurings útdield foar it riden mei glêde bannen, gefaarlik riden, troch read riden en it riden op allinne it achtertsjil.

Trefwurden: 
bekeuring snelheid lasergun
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)