250 banen fuort by NDC

21 maaie 2013 - 10:14

Troch de reorganisaasje by de NDC mediagroep sille sa'n 250 banen ferdwine. Dat blykt út in ynterview mei de nije direkteur Geert-Jan van der Snoek yn de Ljouwerter krante. By NDC, útjouwer fan û.o. de Ljouwerter krante en it Dagblad van het Noorden, wurkje no noch in lytse 750 minsken. Sa as earder oankundige komt der ien sintrale redaksje foar de kranten. De ferwachting is dat dy yn Ljouwert komme sil. Dêr stiet ek de drukkerij.

De sintrale redaksje krijt in nije algemien haadredakteur. De beneaming dêrfan is noch op kommendewei.

Details oer de reorganisaasje wurde woansdei bekend makke oan alle meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)