Enkête âlderen Ljouwerteradiel

Yn Stiens wurdt de kommende moannen besocht om út te finen hoe't de hûsdokterspraktyk fan de takomst der út sjocht. Dêrfoar wurdt in grut ûndersyk dien ûnder 700 fan de 1900 65-plussers yn Ljouwerteradiel.
It oantal âlderen yn ús provinsje nimt de kommende jierren flink ta en ien fan de kearndoelen fan it ûndersyk is om út te sykjen hoe't de soarchferliening foar harren effisjint regele wurde kin. Ek wurdt besocht âlderein dy't sosjaal kwetsber is, help op maat te bieden.