Skier: lintsje frou Groendijk

Frou Groendijk mei it lintsje en mei boargemaster Stellinga
Alie Groendijk-Bentum fan Skiermûntseach hat sneon in lintsje krigen. Se is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Frou Groendijk-Bentum set har al fyftich jier yn foar it Pinkster-Kallemooifeest. Dit is ien fan de wichtichste tradysjes, dy't se mei Pinkster op Skiermûntseach fiere.
Frou Groendijk is ferbûn oan de pinksterkommisje. Yn de moannen om Pinkster hinne hat se der in deitaak oan om alles te organisearjen. Alie Groendijk-Bentum krige de fersiersels opspjelde troch boargemaster Sjon Stellinga fan Skiermûntseach.