SBB wol natoerbelibbingsfûns

Distriktshaad Brink fan Steatsboskbehear is foar de foarming fan in natoerbelibbingsfûns om foarsjennings as fytspaden te ûnderhâlden. Dat is nedich omdat it Ryk dat fan 2015 ôf net mear betellet. Brink is ferantwurdlik foar de Waadeilannen by de natoerbehearder.
Brink wie koartlyn op Skylge by de iepening fan in fernijd kuierpadenetwurk en as it oan him leit, bliuwt it dêr net by. Brink wol bygelyks aparte rûtes foar minsken op krossfytsen. Om de foarsjennings ûnderhâlde te kinnen wol hy toeristen om in bydrage freegje.
Brink is tsjin in ferplichte bydrage yn de foarm fan in toeristebelesting. It jild soe yn in fûns komme moatte dat beheard wurdt troch de partijen dy't belang ha by it toerisme op de Waadeilannen.