Auto diere-asyl wer weromfûn

Plysje-embleem © ANP
De auto fan diere-asyl De Wissel yn Ljouwert is weromfûn by it treinstasjon yn Grou. De auto waard yn de nacht fan tongersdei op freed stellen. De dieders kamen it gebou oan it Kealledykje yn troch in rút stikken te meitsjen. Se namen de autokaaien en de wite VW Caddy mei.
De auto wie goed te werkennen oan it logo fan De Wissel dat der op stiet. It is ûndúdlik hoe lang oft de auto al krekt by it treinstasjon stie.