Noorman ferrast yn Jorwert

Keatsen © Aise van Beets, Omrop Fryslân
De haadklasse útnoegingspartij yn Jorwert is snein in proai wurden foar it partoer fan Ilse Noorman, Maaike Osinga en Anke Marije Pompstra. Yn de finale wûn it trijetal ferrassend mei 5-4 en 6-6 fan Marije Hiemstra, Leonie van der Graaf en Manon Scheepstra.
De lytse preemje wie foar Lisette Wagenaar, Feikje Bouwhuis en Bianca van der Veen dy't yn de striid om it tredde plak te sterk wiene foar Nelie Steensma, Sjoukje Visser en Harmke Siegersma.