Mollema tredde yn Noarwegen

19 maaie 2013 - 14:43

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert is sneon tredde wurden yn de fjirde etappe fan de Ronde fan Noarwegen. De winst gong nei de Noar Edvald Boasson Hagen, dy't yn eigen lân syn 26e jierdei bekroande mei in solo-oerwinning. De Portugees Sergio Paulinho kaam 11 tellen letter as twadde oer de streek. Mollema wûn de sprint fan de efterfolgjende groep.

Troch de winst nimt Boasson Hagen de lieding yn it algemien klassemint oer fan lângenoat Alexander Kristoff. Mollema stiet op it tredde plak yn it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)