Stonehawk wint metalwedstriid

19 maaie 2013 - 14:35

De Snitser band Stonehawk mei op de metalfestivals Into the Grave en Dokk'em Open Air as iepener spylje. De band wûn sneon yn it Ljouwerter Romein yn Ljouwert de wedstriid Highway To Hell. Seis bands strieden om de earste priis. De winner mei ek as foarprogramma spylje fan in grutte (ynter)nasjonale metalband by it begjin fan it nije kultuerseizoen yn Romein.

De winner waard keazen troch in sjuery en stimmen fan it publyk. Stonehawk bringt moderne metal mei ynfloeden fan stonerrock en serieuze teksten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)