LDODK maatsje te lyts foar DVO

19 maaie 2013 - 14:33

De kuorballers fan LDODK ha sneon mei 22-28 ferlern fan kampioen DVO út Bennekom. Op eigen fjild koe de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool lang goed meikomme mei DVO. Mar ek de formaasje út De Gordyk en Terwispel koe de kampioensploech út Bennekom net harren earste ferliespartij besoargje.

Mei it ferlies komt in ein oan de segerige fan LDODK, dy't de ôfrûne 5 wedstriden yn winst om wist te setten. De ploech stiet mei 11 punten út 12 wedstriden op it 4e plak yn de haadklasse A.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK haadklasse A
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)