Trio fernielt bushokje
Oan de Blankendalwei yn Skearnegoutum binne sneontenacht trije jonges oppakt omdat se in bushokje fernield hiene. It giet om in 15-jierrige jonge út Snits en twa jonges út Boazum fan 16 en 17 jier. It trio moast mei nei it buro en is dêr fêstset foar ferhoar.