Dwerse Ljouwerter oppakt

19 maaie 2013 - 12:58

In man fan 30 jier út Ljouwert is sneontenacht yn Snits oanhâlden om't er in plysje misledige. De fertochte krige yn de Havenstrjitte in boete foar wyldpisjen. Hy waard lulk en bedrige de plysjeman. Doe't er oanhâlden waard, fersette er him. De Ljouwerter is fêstset foar ferhoar.

Trefwurden: 
Snits plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)