Ynteraktive picknickbank

argyffoto © ANP XTRA
Deputearre Johannes Kramer nimt tongersdei yn Oentsjerk de earste ynteraktive picknickbank yn gebrûk. Der komme alve fan. Se binne foarsjoen fan in rûtekaart mei ynformaasje oer de omjouwing. De picknickbanken steane ferspraat troch de Noardlike Fryske Wâlden. Toeristen komme fia spesjale QR-koades mear te witten oer bygelyks musea yn it gebiet.
Neist Stania State binne de picknickbanken ek te finen by museum De Sûkerei yn Damwâld, lânboumuseum De Brink yn Feankleaster en by De Spitkeet op 'e Harkema.
It giet om in inisjatyf fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden, Steatsboskbehear en de by it Nasjonaal Lânskip belutsen gemeenten.