Heakkekrusen yn Aldehaske

heakkekrús
Oan de Bugel yn Aldehaske binne op ferskate plakken heakkekrusen oanbrocht. Dat meldt de plysje op Twitter. By de tweets steane ek foto's. Dêrop is te sjen dat de heakkekrusen mei stift oanbrocht binne, op in garaazjedoar en in brievebus. Fierder steane der heakkekrusen op in auto en in rút. Der is yntusken oanjefte dien. De plysje ûndersiket de saak en freget tsjûgen har te melden.