Harkemase Boys wint beker

18 maaie 2013 - 20:34

Harkemase Boys hat foar de fyfde kear yn de klupskiednis de noardelike beker wûn. Yn in moaie en spannende finale waard Genemuiden mei 3-2 ferslein.

Genemuiden kaam troch in goal fan Jeffrey de Visscher al nei twa minuten op foarsprong. Noch foar it skoft soarge Roel van der Meulen nei in prachtige oanfal foar de 1-1. Yn de twadde helte kaam Genemuiden wer op foarsprong fia Willem Lanjouw, mar yn de slotfaze sette Harkemase Boys it rjocht. Earst skoarde ynfaller Heine Uuldriks en yn de lêste minút brocht Johnsen Bacuna de Boys yn ekstaze.

Dêrmei krijt it teloarstellende seizoen fan Harkemase Boys dochs noch wat glâns. 'Dit makket in protte goed, mar net alles', sei trainer Willem Brouwer. 'It is in moaie priis dy't we echt graach pakke woene.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)