Skûtsje Snits wint museumrace

18 maaie 2013 - 18:05

It skûsje fan Snits is sneon winner wurden fan de spesjaal organisearre skûtsjewedstriid by it Suderseemuseum yn Enkhuzen. Mei de race fierden sân bysûndere platboaiems fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) de tritichste jierdei fan it museum.

Op it wetter foar it museum strieden de tradisjonele frachtskippen yn twa searjes om de winst. De bemanning waard nei ôfrin huldige troch boargemaster Jan Baas fan Enkhuzen.

Trefwurden: 
Snits skûtsjesilen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)