Meiride op Dokkumer Lokaaltsje

Dokkumer Lokaaltsje
It Dokkumer Lokaaltsje rydt wer mei de pinksterdagen. By stasjon Marrum steane stoomlokomotiven en lytse treintsjes dêr't passazjiers opstappe kinne. Doarpsbewenners koenen sneon al mei. Uteinlike doel is om it spoar fan it Dokkumer Lokaaltsje wer werom te bringen. Fan 1901 oant 1936 ried it Dokkumer Lokaaltsje tusken Ljouwert en Eanjum. De stichting Noord-Friese Lokaal Spoorwegmaatschappij hat projekten betocht om de spoarline fan eartiids nij libben yn te blazen. It moat it toerisme yn Noard-Fryslân stimulearje.