Thea Koster op ien op list CDA

17 maaie 2013 - 22:21

CDA wethâlder Thea Koster stiet by de gemeenteriedsferkiezing yn novimber boppe-oan de kandidatelist fan it CDA fan de gemeente Ljouwert. Harry van der Molen, op dit stuit noch fraksjefoarsitter fan it CDA yn Ljouwert, stiet op it twadde plak. It deistich bestjoer hat it advys fan de fertrouwenskommisje hielendal oernommen. Op 18 juny bepale de leden de definitive folchoarder.

De riedsleden Cocky den Hollander en Ans van der Berg stelle har net mear beskikber. Aaltsje Meinderts, riedslid foar it CDA yn Boarnsterhim, stiet op it fjirde plak.

Trefwurden: 
CDA Thea Koster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)