Skarsterlân wol lokale bouwers

17 maaie 2013 - 22:09

It kolleezje fan de gemeente Skarsterlân sil der by it bedriuw Facilicum Servicegroep út Schiedam op oantrune safolle mooglik lokale ûndernimmers te belûken by de bou fan de Brede Skoalle op 'e Jouwer. It is ien fan de punten út de reaksje op it rapport 'Gjin ljocht sa skel of der is skaad by' fan de Rekkenkeamer. Oer dit punt ûntstie twa wike ferlyn by de presintaasje fan it rapport yn de ried in soad argewaasje. Troch in nije wize fan oanbesteegjen kamen de lokale ûndernimmers foar de bou fan de skoalle bûtenspul te stean.

De easken fan de gemeente wienen te heech neffens de Rekkenkeamer. Woansdei komt de reaksje fan it kolleezje oan de oarder yn de ried. Wethâlder Jan Benedictus fan Skarsterlân is it net iens mei de krityk fan de Rekkenkeamer. Neffens him is de oanbesteging fan de bou fan de Brede Skoalle goed ferrûn, wie de gemeente de rezjy nea kwyt en wienen eksterne adviseurs net te djoer en ha lokale ûndernimmers alle kâns hân om mei te dwaan.

Trefwurden: 
brede skoalle Facilicom
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)