Gemeente wol prate mei Doeksen

17 maaie 2013 - 17:08

De gemeente Skylge wol opheldering fan rederij Doeksen oer de útklaaide wintertsjinstregeling dy't Doeksen mei yngong fan 1 oktober yngean litte wol. It is ien fan de maatregels yn ferbân mei de striid tusken Doeksen en de EVT.

De gemeente is bang dat se mei de no foarstelde wintertsjinstregeling in skoft weromgean yn de tiid. Sa moatte skoalbern dan bygelyks wer in kosthûs sykje. De gemeente hat sifers krigen fan Doeksen. Dy wurde no bestudearre. De gemeente ferwachtet der wol út te kommen mei Doeksen.

Trefwurden: 
Doeksen gemeente
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)