Ferskate wegen ôfsletten

05 jan 2012 - 14:56

Troch it hege wetter is de Koaidyk by Earnewâld ôfsletten foar it ferkear. Der rint wetter oer de dyk it efterlân yn. Wennenarken dêr by de Jan Durkspolder binne net mear droech te berikkken. Earder tongersdei al gie de Solcamasstrjitte tusken it yndustryterrein fan Sumar en rekreaasjegebiet Klein Zwitserland ticht.

De Leyensloane tusken De Tike en De Pein is ek ôfsletten. Yn de bocht spielt it Peiner Kanaal oer de wâl.

Fierders binne der problemen mei it wetter op Sânhuzen by Jistrum. Bewenners kinne dreech by har hûs komme. Ek by de Ryptsjerksterfeart lâns stiet no in dyk ûnder wetter.

Trefwurden: 
heechwetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)