Kuierpaadnetwurk op Skylge
De ynformaasjefoarsjenning foar kuierders op Skylge hat in grutte opfrisbeurt krige. In soad toeristen meie op de Waadeilannen dan wol op de fyts stappe, it kuierjen krijt ek omtinken. Freedtemiddei is in fernijd kuierpaadnetwurk iepene. Dat makket it mooglik folle krekter as oars in kuiertocht gear te stallen. It netwurk is der kaam mei stipe fan it Waadfûns.