Nij natuergebiet De Blikken

17 maaie 2013 - 12:21

Noardwest-Fryslân hat in nij natuergebiet: De Blikken. Dat waard freed by Sint Jabik presintearre. It bestiet út trije stikken natuer, mei-inoar goed 80 hektare. It wetterpeil is dêr ferhege en dat moat mear leppelbekken en greidefûgels lûke. Seldsume fisk lykas de bitterfoarn komt ek yn it gebiet foar.

Foar de tastânkomming fan De Blikken hat Steatsboskbehear gearwurke mei de stjoergroep Noardlike Alvestêderûte. Brêgen binne ophege foar de tagonklikens. De Alvestêderûte wurdt op 29 juny iepene.

Trefwurden: 
natuergebiet De Blikken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)