Waterstad FM kin fierder

17 maaie 2013 - 11:49

De kommersjele radiostasjons Waterstad FM en Radio NL wurde oernaam troch âld-direkteur Nico Silvius. Hy wurdt de nije direkteur en oandielhâlder fan syn âlde stjoerders. In konsortium mei Silvius as spil hat de radiostjoerders oernaam fan de NDC Mediagroep. De NDC waard sels earder dit jier oernaam troch nije oandielhâlders. Dy woene fan de radiostjoerders ôf.

Silvius is ek direkteur en oandielhâlder fan Radio Oranje Nationaal. Dêr hat er soarge foar in ferdûbeling fan it tal harkers yn in jier tiid.

De nije eigeners fan Waterstad FM en Freeze FM kinne op in pear arbeidsplakken nei de wurkgelegenheid garandearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)