Frou delstutsen troch eks-man

Yn Frjentsjer is tongersdei in 34-jierrige frou delstutsen. De frou trof doe't se thúskaam yn har hûs oan de Pameijerstrjitte har eks-man yn de foartún. De twa krigen spul. Omstanners seagen dat de frou foel. Bliken die dat se ferskate kearen stutsen wie. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.
De man is koart nei de stekkerij oanhâlden. Hy sit fêst foar besykjen ta deaslach.