Hotel Ozinga mooglik wer hotel

Hotel Ozinga yn Snits
It ferneamde Hotel Ozinga yn Snits liket nei in jier stilte wer wat skot yn te sitten. Eigener De Wieren is yn ûnderhanneling mei in ûndernimmer dy't in hotel of herberch begjinne wol yn it opknapte gebou oan de Lemmerwei.
De ûnderhannelings binne noch geande en dêrom wolle de partijen gjin details bekend meitsje. Mar de earste oanset liket goed. Dêrmei liket de ein yn sicht fan in jierrenlange syktocht nei in nije útbater foar it hotel.
Yn 2009 waard it fertutearze gebou foar in soad jild opknapt. Alle plannen foar in ynfolling rûnen lykwols op neat út. Goed in jier ferlyn like it der noch op dat der in Humphreys-restaurant yn komme soe. Op it lêste momint seach dy ûndernimmer der ek fanôf.