Fries fertocht fan qat-hannel

16 maaie 2013 - 19:14

Tsjin in ynwenner fan Wolvegea is in heal jier sel easke foar de ymport fan it ferdôvjende middel qat. De man is fan Somalyske komôf en wurdt mei trije lângenoaten fertocht fan de ymport fan 600 kilo qat. Se waarden op 4 febrewaris betrape doe't se yn Oosterhout qat oan it oerladen wiene fan in Ingelske nei in Nederlânske bestelbus.

De saak tsjin de fjouwer is ien fan de earste qat-rjochtsaken yn Nederlân. Lykas hasj en weed wurdt qat as softdrug sjoen. It binne farske blêden dy't kôge wurde, foaral Somaliërs brûke qat.

De oare fertochten wenje yn Ingelân en Noarwegen.

Trefwurden: 
Wolvegea qat Somaliër
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)