Ekstra ferkiezings 13 novimber

Ek de stimburo's op de doarpen bliuwe © Omrop Fryslân, Douwe Boersma
De ynwenners fan de nije gemeenten Friese Meren en Grut-Ljouwert moatte op 13 novimber nei de stimbus. Dy datum is fêststeld nei oerlis mei de provinsje Súd-Hollân, de Kiesried en it ministearje fan Ynlânske Saken. Omdat Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat fusearje ta de Friese Meren en Boarnsterhim opdield wurdt ûnder Skarsterlân, Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Hearrenfean, moatte dêr nije gemeenteriedsferkiezings hâlden wurde. De Earste Keamer moat noch akkoart gean mei de weryndieling. De rest fan Fryslân sil yn maart 2014 wer stimme.