Fûgels net stoarn troch fergif

16 maaie 2013 - 17:43

De deade protters yn Hepkema's Bosk op It Hearrenfean binne net troch bestridingsmiddels deagien. De Partij voor de Dieren hie de protterstjerte by de steatssekretaris fan lânbou ûnder de oandacht brocht, omdat de partij tinkt dat dy feroarsake is troch bestridingsmiddels dy't brûkt wurde by de sûkerbytbou.

Neffens steatssekraris Dijksma kinne dy middels ûnmooglik de oarsaak wêze. Yn de omkriten fan It Hearrenfean wurde gjin sikerbiten boud. Dijksma hâldt it derop dat de protters troch botsingen yn de loft omkommen binne.

Trefwurden: 
protters Hepkema's Bosk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)