Kasseprojekt noch net fol

16 maaie 2013 - 13:48

It glêstúnbouprojekt Waddenglas by Seisbierrum komt net fan 'e grûn. It miljoeneprojekt soe goed tûzen arbeidsplakken opsmite moatte. Mar benammen de belangstelling fan túnkers út it Westen falt bot ôf. Fan de 200 hektare bouripe grûn is yn fiif jier tiid noch mar fiif ferkocht.

De gemeente Frjentsjerteradiel wol mei in nije kampanje nochris besykje de túnkers út it Westen oer de Ofslútdyk te krijen. In ierdwaarmteprojekt fan kastúnker Hartman, dat op de enerzjykosten besparret, is dêrby in wichtich lokmiddel.

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel sil tongersdeitejûn de bystelde plannen fan it projekt Waddenglas behannelje.

Trefwurden: 
kassen Hartman Waddenglas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)