Schouwenaar nei Libië

16 maaie 2013 - 13:40

Sportklup De Jouwer trainer Gerrie Schouwenaar sil oan de slach yn Libië. De Ljouwerter fuotbaltrainer wurdt trainer by de jeugd fan Al Ahly út Tripoli. Ald-Cambuurtrainer Remco Boere is dêr haad jeugdoplieding. Schouwenaar ferfangt Drachtster Robert Roelofsen. Al Ahly Tripoli is de âld ploech fan diktator Khadaffi.

SC De Jouwer moat no op syk nei in nije trainer foar sawol de sneons- as de sneinsploech. Mei de sneinsploech makket Schouwenaar fia de neikompetysje noch kâns op promoasje nei de haadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)