Min fearnsjier foar transport

De Nederlânske transportsektor hat slim te lijen fan de ekonomyske krisis. Foar de measte ûndernimmers wie it earste fearnsjier it minste fan de lêst fjouwer jier. Omset, winst en frachtpriis stiene ûnder druk. It tal falliseminten is yn ferliking mei deselde perioade ferline jier mei mar leafst 14% tanaam. Dat docht bliken út lanlike sifers fan Transport en Logistiek Nederland, de brânsje-organisaasje fan de transportsektor.
Sawat 40% persint fan de ûndernimmers hat net genôch oarders yn portefeuille om it twadde fearnsjier troch te kommen. Foaral ferfierders dy't in soad wurk dogge foar de bousektor en ferhúsbedriuwen hawwe it dreech. Better giet it mei kontenerferfierders, koeriers en ferfierders yn de agraryske sektor. Pas yn 2014 wurdt foarsichtich herstel ferwachte.