Jild fan bank nei eigen klûs

16 maaie 2013 - 12:02

By De Sleutelspecialist yn Ljouwert wurde de lêste tiid ek mear klûzen ferkocht, lykas de lanlike trend. Yn hiel Nederlân binne dit jier al 15 persint mear klûzen ferkocht. Neffens eigener Willem Faber fan de kaai- en klûswinkel binne syn klanten benaud foar in ekstra heffing op it sparjild, lykas yn Syprus. Se helje in diel fan it jild fan 'e bank en dogge it yn in klûs.

It binne neffens Faber benammen 50-plussers dy't by him om in klûs komme.

Trefwurden: 
klûs Sleutelspecialist
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)