Slim ûngelok by Wetsens
By in ûngelok op de Roptawei by Wetsens is woansdeitejûn in automobilist út Balk swier ferwûne rekke. Hy ried rjochting Mitselwier en botste op de ferkearde helte fan de dyk frontaal op in camper. Dy waard bestjoerd troch in man fan 48 jier út Wetsens.
De brânwacht moast de auto iepenknippe om de 43-jierrige bestjoerder derút helje te kinnen. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. Yn it sikehûs moast er in alkoholtest dwaan.