Dyk ôfsletten fanwege wetter

05 jan 2012 - 12:05

Troch it hege wetter is de dyk tusken it yndustryterrein fan Sumar en rekreaasjegebiet Klein Zwitserland ôfsluten foar ferkear. It wetter streamt fan it Prinses Margrietkanaal oer de polderdyk it boerelân yn.

Mei sânslurven, langwerpige swarte sânsekken, besykje leanwurkers by Sumar it wetter tsjin te hâlden. De sânsekken helpe wol, mar hâlde lang net al it wetter tsjin.

Trefwurden: 
heechwetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)