Meiwurkers Mercurius ferrast

05 jan 2012 - 10:57

De meiwurkers fan de lokale omrop fan Ljouwert, radio en TV Mercurius, fiele har folslein oerfallen troch it berjocht fan it bestjoer dat de studio op 15 febrewaris tichtgiet en dat de jûnsprogramma's per direkt ophâlde. Mercurius sit yn akute jildneed en hat gjin jild mear om de telefoan, de ferwaarming en it behear te beteljen.

De frijwilligers moatte har programma's no thús meitsje en dan digitaal oanleverje. In diel fan de frijwillers sjocht dat net sitten. Oaren binne ree om mei te tinken oer in oplossing.

Der wurdt ek noch oerwage om in grutte aksjeútstjoering te meitsjen, om de gemeente en de befolking om stipe te freegjen.

Trefwurden: 
Mercurius
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)