Soad skea yn stoarmnacht

05 jan 2012 - 07:04

In reklameliuw fan 9 meter heech fan autobedriuw Peugeot Haaima yn Wurdum is omwaaid en hat trije nije auto's ferplettere. De auto's, trije Suzuki's, binne folslein fernield. By in bedriuwswenning yn Harns is tongersdeitenacht de dakbedekking fan it hûs waaid. In opperflak fan sa'n 40 kante meter gie de loft yn. De skea is grut, omdat der in soad reinwetter yn 'e hûs kaam. It neistlizzende autobedriuw rûn gjin skea op.

Yn Bitgummole foel in grutte beam boppe op in wenhûs as gefolch fan de stoarm. De bewenster is tige skrokken, mar it hûs rûn gjin grutte skea op.

Ek in Ljouwert foel in grutte beam oer de dyk. De brânwacht is tongersdeitemoarn betiid drok mei meldings út de hiele provinsje. Sa kamen der meldings fan stoarmskea út ûnder mear Aldwâld, De Knipe, Easternijtsjerk, Wâldsein, Westergeast en Terkaple.

Trefwurden: 
stoarm stoarmskea beam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)