Hayo Apotheker ynstallearre

04 jan 2012 - 17:43
Hayo Apotheker - Foto: ANP

Yn Drylts is woansdei de earste boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân offisjeel ynstallearre. It giet om Hayo Apotheker, dy't sûnt jannewaris 2010 al boargemaster wie fan Snits, en sûnt 1 jannewaris ferline jier waarnimmend boargemaster fan fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

De ynstallaasje is tagelyk mei de nijjiersresepsje. Apotheker krige it amtsketting omhongen troch loko-boargemaster Maarten Offinga.

Trefwurden: 
Hayo Apotheker
(Advertinsje)
(Advertinsje)