Skoalbel Drylts stellen

Bassiskoalle De Kogge yn Drylts hat in skoft sûnder skoalbel sitten. De bel waard okkerdeis troch koperdieven fuorthelle. Lange tiid waard tocht dat it in grap wie, oant it personiel derachter kaam dat it daklead ek fuort is. De bel hong al hast 38 jier by de yngong fan de skoalle en waard alle dagen brûkt om de bern te warskôgjen dat de lessen begjinne.
Nei de reportaazje op Omrop Fryslân Radio melde har tongersdei in bewenster fan Drylst mei in nije bel foar de skoalle.