Soad Friezen fan WW yn bystân

15 maaie 2013 - 16:45

Sa'n 800 Friezen komme yn de bystân telâne omdat se net mear gebrûk meitsje meie fan om WW-útkearing. Dat seit regiomanager Jitze Bok fan útkearingsynstânsje UWV. Wurkleazen meie op syn langst 38 moanne gebrûk meitsje fan in WW-útkearing en in hieltyd gruttere groep Friezen is sa njonkenlytsen troch dizze tiid hinne.

Bok ferwachtet dat dit in grutte kostepost wurde sil foar de Fryske gemeenten. Ein april wiene der yn Fryslân mear as 17.000 wurkleazen mei in WW-útkearing. In jier earder wiene dit der noch minder as 14.000.

Trefwurden: 
útkearing UWV bystân WW
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)