Van Basten: 'sfeer is anders'

15 maaie 2013 - 16:00

Trainer Marco van Basten fan Sportklup Hearrenfean priuwt in oare sfear by syn spilers no't de play-offs der oankomme. Syn ploech nimt it tongersdei en snein op tsjin FC Utrecht. 'De spelers beseffen waar het om gaat, het bereiken van Europees voetbal', seit Van Basten.

De trainer kin net beskikke oer Filip Djuricic, Sven Kums en Arnold Kruiswijk dy't blessearre binne. Ferdediger Chris Kum is wol wer fit nei in blessuere. Oer de opstelling wol Van Basten noch neat sizze.

Oer de wedstriid tsjin Roda JC, dy't op pynlike wize mei 1-0 ferlern gie, is troch de trainers en spilers goed praten. 'Daar zijn best harde woorden over gevallen onderling. Op deze manier kan het echt niet verder, we moeten het uit een ander vaatje tappen', seit middenfjilder Marten de Roon. Van Basten seit dêroer: 'Er zijn intern de nodige woorden aan vuil gemaakt. De instelling was niet goed en afspraken werden niet nagekomen. Daar ben ik zeer ontevreden over. Maar ik ga er van uit dat het opgelost is en dat ze tegen Utrecht weer fris beginnen.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)