'Aris is statistysk kânsleas'

15 maaie 2013 - 15:28

Wa't de statistiken besjocht, moat fêststelle dat de Ljouwerter basketbalploech Aris gjin skyn fan kâns hat yn de finales om it lânskampioenskip tsjin Leiden. Dy konklúzje lûkt dè siferman fan basketbaljend Nederlân, âld-Harnzer Jacob Bergsma. Fan de lêste acht duels tusken Aris en Leiden waarden der seis troch Leiden wûn. As je dêrop ôfgean soe Aris net folle kâns meitsje yn de finale.

Woansdeitejûn is de earste wedstryd fan de finalesearje. It kinne der op syn meast sân wurde. Wa't it earst fjouwer kear wint is kampioen fan Nederlân.

Trefwurden: 
Aris Leiden statistyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)