Nije steiger Harnzer haven

15 maaie 2013 - 12:45

De earste stap om it havengebiet yn Harns oan te pakken is set. Woansdeitemoarn is de Sas-steiger by de Sasbrêge offisjeel iepene. It giet om in nije driuwende steiger tusken de fearboatterminal en it treinstasjon fan de Harnzer haven.

De nije steiger is ûnderdiel fan it Frysk marreprojekt. De provinsje stekt miljoenen yn Harns om de havenstêd toeristysk oantreklik te meitsjen. Sa moat ek de fertutearze Willemshaven oanpakt wurde, mar dêr binne noch eksterne ynvestearders foar nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)