Oanhâlding foar hypoteekfraude

15 maaie 2013 - 11:08

Yn Nijeberkeap binne tiisdei in man fan 31 en in frou fan 25 jier oanholden foar hypoteekfraude en it wytwaskjen fan jild. De man hie in falske wurkjouwersferklearring oerjûn oan in bank, en krige sa in hypoteek.

De plysje kaam de minsken op it spoar troch in ûndersyk nei himptylt.

(advertinsje)