Heech wetter yn Lauwersmar

04 jan 2012 - 16:07

Yn de jachthaven fan Dokkumer Nije Silen wurdt de wetterstân mei de oere kritiker. Woansdei is it peil al mei goed 80 sentimeter omheech gien. De haven is der dan ek al foar in grut part ûnderstrûpt. Der driget skea foar tal fan boaten dy't net oan in driuwende steiger lizze.

Fanwege de oanhâldende stoarm is it de ferwachting dat it wetterpeil yn Dokkumer Nije Silen de kommende dagen noch fierder omheech gean sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)